Plysje wol frijwilligers ha

02 jul 2009 - 21:18

Bepaalde funksjes by de Fryske plysje wurde yn de takomst mooglik ynfuld troch frijwilligers. De plysje ûndersiket op it stuit oft dat kin. De maatregel wurdt mooglik ynfierd om te besparjen op de personielskosten. Lykas bekend moat de plysje besunigje, omdat der yn it ferline miljoenen tefolle útjûn binne.

De frijwilligers wurde net de strjitte opstjoerd. It giet foaral om administratyf en balywurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)