Plysje wol fiskstreupers pakke

17 jul 2010 - 14:53

Fiskstreupers binne de lêste wiken aktyf. Yn seis wiken ha beropsfiskers al 14 kear oanjefte dien fan dieverij en fernieling fan har fûken. De beropsfiskers sitte mei de hannen yn it jier. It giet al net goed mei de iel- en snoekbearsfiskers en dupearje de streupers har ek noch. Hielendal as de fûken fernield wurde om flugger by de fisk te kommen.

De streuperij is min te bestriden. De plysje freget wettersporters om fertochte hannelings by fûken te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)