Plysje wiis mei bussjauffeur

21 apr 2008 - 15:06

De bussjauffeur fan Paulusmareizen yn Drachten hat moandei de komplimenten krigen fan 'e plysje yn Maastricht foar de wize wêrop hy freed 64 Cambuursupporters ferfierd hat. De supporters hiene tsjin Paulusma sein dat it om in frijfeintefeest gie, mar healwei de rit die bliken dat se nei MVV - Cambuur woene.

Omdat by dy wedstriid gjin publyk komme mocht naam de sjauffeur kontakt op mei syn baas en dêrnei waard de plysje ynskeakele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)