Plysje warskôget nei stellerij fan unifoarmen

24 sep 2015 - 11:05

De plysje Noard-Nederlân warskôget minsken goed te tinken om oplichterij troch nep-plysjeminsken. De oprop folget nei de stellerij fan plysje-unifoarmen ôfrûne wykein yn Drinte. Dêr waard ynbrutsen yn in wenning fan twa plysjes, sa berjochtet RTV Noord.

By de ynbraak binne gjin wapens stellen. Neffens de plysje komt it wol gauris foar dat der plysjeklean troch ynbrekkers meinaam wurdt. Dêrom roppe se minsken op foarsichtich te wêzen en altiten om legitimaasje te freegjen as der plysjes oan de doar komme.

It giet neffens in wurdfierder fan de plysje om it nije unifoarm mei de giele streep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)