Plysje warskôget foar Microsoft-babbeltrúk

18 jan 2016 - 15:20

De Fryske plysje warskôget foar oplichters. Neffens de plysje is in groep kriminelen al langere tiid dwaande om op slûchslimme wize kompjûters te hacken.

De oplichters sykje fanút it bûtenlân telefoanysk kontakt mei har slachtoffers. Se dogge har foar as meiwurkers fan Microsoft en brûke dan it ferlechje dat der in firus op de kompjûter sit en dat sy dit oplosse kinne. Op dy wize krije se tagong ta de kompjûter fan it slachtoffer.

De plysje advisearret om de ferbining te ferbrekken as minsken dizze oplichters oan de tillefoan krije. Yn Noard-Nederlân binne al ferskate oanjeften en meldingen by de plysje binnenkaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)