Plysje warskôget foar hackers

27 mrt 2013 - 07:25

Hûnderten Friezen binne de ôfrûne moannen it slachtoffer wurden fan hackers. Dat seit de plysje. De kompjûtereigeners krigen in melding, dêr't yn stiet dat der berneporno fûn is op kompjûter. Yn guon gefallen binnen der ek ôfbyldingen te sjen fan berneporno. Minsken wurdt frege as oplossing op in link te klikken, mar as se dat dogge dan docht de kompjûter neat mear.

It liket dat it berjocht fan it Korps Landelijk Politie Diensten (KLPD) komt, mar dit is neffens de plysje net it gefal.

Yn Dokkum binne seker al hûndert minsken mei de kompjûter nei de makker west, mar ek út oare plakken yn Fryslân binne meldingen binnen kaam. Mear ynformaasje oer wat je dwaan kinne tsjin hacking is te finen op www.waarschuwingsdienst.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)