Plysje ûntdekt himpkwekerij

28 jul 2010 - 18:01
  • De profesjonele himpkwekerij siet yn dit bedriuwsgebou (foto: Jaring Rispens)
  • Foto: ynternetsite Plysje Fryslân

Oan de Zeeweegbree yn Wolvegea is woansdei oan de ein fan de middei in frij grutte himpkwekerij ûntmantele. Dêrby binne trije mannen op 'e died trapearre en oanhâlden. De fertochten hiene fjouwer bedriuwsunits hierd. Trije dêrfan wiene yn gebrûk as kwekerij.

De trijetûzen himpplanten wiene al rispe. De wearde fan de opbringst wurdt skat op 270.000 euro. De plysje hat in pear tûzen euro en in auto yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)