Plysje-unifoarm ôfkard troch ACP

24 des 2001 - 00:00

De plysje moat fuortdaliks ophâlde mei de proef mei plysje-unifoarms omdat dat te gefaarlik wêze soe. Dat seit de plysje-fakorganisaasje ACP. Yn Drachten wurdt op it stuit al eksperimentearre mei it unifoarm.

It pak levert problemen op omdat it wapen oer de nije parkajas hinne hinget. As de jas út moat moat it wapen earst ôf. Ek kin it wapen losreitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)