Plysje-ûndersyk útgeansgeweld

17 mrt 2008 - 12:07
  • It ynsidint die him foar by de Pondarosa

De plysje ferwachtet gau mear minsken oanhâlde te kinnen foar it útgeansgeweld yn Dokkum fan ôfrûne sneontenacht. De plysje is al drok dwaande mei it ûndersyk yn dizze saak.

In groep fan sa'n fyftich man hat yn de nacht fan sneon op snein plysjes bedrige en slein. Oanlieding dêrfoar wie it oanhâlden fan twa stappers mei balstjurrich gedrach. De plysje moast de wapenstok brûke om de rêst wer werom te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)