Plysje-ûndersyk nei himp en krimineel jild yn Aldhoarne

17 mrt 2015 - 13:57
  • Himp

De plysje is dwaande mei in grut ûndersyk nei himpteelt en it wytwaskjen fan krimineel jild yn de doarpen Aldhoarne en Dwingeloo yn Drinte. Dêrby is oant no ta ien fertochte, in 46-jierrige man út Aldhoarne, oanhâlden.

Yn Aldhoarne is ek in himpkwekerij mei 125 planten oantroffen. De plysje hat beslach lein op allerhande finansjele dokuminten. By de sykaksje is ek in team spesjalisten fan definsje belutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)