Plysje-ûndersyk brân Frjentsjer

14 nov 2004 - 15:52

De plysje is noch hieltyd dwaande mei it ûndersyk nei de brân freedtejûn yn in opfanghûs yn Frjentsjer. De brân begûn tsjin alven yn ien fan de keamers yn it gebou oan de J.W. Lunterstrjitte. Trije fan de seis bewenners moasten troch de brânwacht út it gebou helle wurde.

Twa fan har, twa froulju fan 45 en 89 jier, binne oerbrocht nei it sikehûs. De frou fan 45 is der slim oan ta. It opfanghûs is ûnbewenber rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)