Plysje ûndersiket wite tas

15 aug 2007 - 10:52
  • De robot fan de EOD dwaande mei it ûndersykjen fan de tas
  • Meiwurkers fan de EOD op it stasjon

By de plysje Fryslân ha har trije tsjûgen melden fanwege de fertochte tas dy't tiisdei op it stasjon fan it Hearrenfean fûn waard. Omdat net dúdlik wie wat der ynsiet, waard it stasjon ûntromme en it treinferkear stillein. Pas nei trije oeren die bliken dat der gjin gefaarlik guod yn de tas siet, wol siet der in ûnbekend swart apparaat mei knopkes yn.

Tas en apparaat wurde woansdei fierder ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)