Plysje ûndersiket ûngelok

26 okt 2007 - 10:12

De plysje docht ûndersyk nei in ûngelok juster yn Harns dêr't in 19-jierrige autobestjoerder út Winaam by ferwûne rekke is. De jonge woe op de Zuidwalwei in oare auto ynhelje.

Wat der dêrnei krekt gebeurde is ûndúdlik. Der is mooglik in tsjinlizzer oankaam, of der wie in mankemint oan de auto fan de jonge. Yn elk gefal sloech er in pear kear oer de kop. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)