Plysje ûndersiket strjitrôven

07 okt 2014 - 13:12
  • De fyts dêr't de plysje mear fan witte wol

De plysje op It Hearrenfean ûndersiket seis strjitrôven fan 27 juny oant en mei 1 oktober op It Hearrenfean en yn de omkriten fan dat plak. By ien fan de oerfallen is op kamerabylden te sjen dat ien fan de oerfallers op in fyts oanriden komt. By de oerfal yn de nacht fan 23 op 24 july yn de hal fan ien fan de Muntflats, waard in frou berôve fan har mobyltsje.

De dieders naaiden dêrnei rinnend de kant fan de Wederik út en lieten de fyts stean. De plysje wol graach mear witte oer de fyts.

De oare oerfallen wiene op de Haskerútgong, Alde Feanskieding, Ljouwerterstrjitwei, it Setfjild en it Toellân. De bút bestie meastentiids út mobyltsjes en beurzen mei ynhâld. By guon oerfallen is geweld brûkt. By ien oerfal brûkte ien fan de oerfallers in mes.

De plysje hat bylden fan de fertochten op YouTube setten:

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)