Plysje ûndersiket stjergefal

28 nov 2005 - 17:26

De plysje is yn Wolvegea dwaande mei in ûndersyk nei de dea fan in 53-jierrige man út dat plak.

De man ferstoar yn de nacht fan sneon op snein oan de gefolgen fan in slachierblieding. Mooglik hat er dy oprûn doe't er in rút ynsloech by in kafee oan de Van Harenstrjitte. De man wie earder yn 'e nacht út dat kafee set. De plysje besiket achter de krekte tadracht te kommen troch ûnder oare besikers fan it kafee te hearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)