Plysje ûndersiket mishanneling

04 aug 2008 - 10:26

De plysje ûndersiket de mishanneling fan in 21-jierrige man fan Sint_Anne, Hy waard snein troch de helptsjinsten fûn op it Saailân yn Ljouwert en wie ferwûne oan holle en nekke.

It slachtoffer hie spul hân mei twa manlju op de Frouwepoartsbrêge en wie mei in izeren staaf op ´e holle slein. De man is mei de ambulânse nei it MCL brocht. De tadracht fan it ûngefal is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)