Plysje ûndersiket gewelddiedige oerfal yn Langedike

15 sep 2015 - 12:45
  • Wapene oerfal

De plysje is in ûndersyk begûn nei de gewelddiedige oerfal sneontejûn op de bewenner fan in hûs oan de Klokhúsdyk yn Langedike. De 49-jierrige bewenner waard by de oerfal slim mishannele en mei in fjoerwapen bedrige.

De man hearde jûns lûd by de efterdoar en seach twa yn it swart klaaide manlju. Dy treaunen de man nei binnen en spuiten him in bitende floeistof yn syn gesicht. De mannen easken jild. Der ûntstie in wrakseling werby it slachtoffer út de tiid rekke. Doe't hy by kaam wiene de oerfallers fuort.

In bekende hat de man nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat de man syn noas en guon ribben brutsen hie. Nei't de plysje de sneins op de hichte brocht wie fan de oerfal, binne sy fuortendaliks in ûndersyk begûn. Tsjûgen wurde oproppen om harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)