Plysje ûndersiket dea frou

20 okt 2004 - 10:22

De plysje ûndersiket de dea fan in asylsykster út Appelskea. Neffens har Iraanse man is syn frou stoarn troch minne medyske soarch. Hy hat oanjefte dien by de plysje. Fjouwer húsartsen en fjouwer ferpleechkundigen wurde oanklage. It Regionaal Tuchtkolleezje yn Grins ûndersiket de saak ek.

De 41-jierrige frou ferstoar twa jier lyn. Se soe te let nei it sikehûs trochferwiisd wêze en dêrom koe se net mear behannele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)