Plysje ûndersiket brânstichting yn garaazje Sint Nyk

18 aug 2015 - 13:50

De plysje docht ûndersyk nei in brân oan De Bast yn Sint Nyk. Dêr ûntstie moandei oan de ein fan de jûn brân yn in garaazje en houtopslach. Neffens de plysje soe it kinne dat brânstichting de oarsaak west hat. De technyske resjerzje docht dêr no ûndersyk nei.

De brânwacht hat it fjoer moandei útmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)