Plysje ûnder tafersjoch Ryk

18 mrt 2010 - 10:29
  • Foto: Omrop Fryslân

De Fryske plysje komt ûnder tafersjoch fan it Ryk. Dat hat demisjonêr minister Hirsch Ballin fan Ynlânske Saken skreaun yn in kritysk brief oan it korps. De maatregel duorret yn alle gefallen oant 2011. Al dy tiid meie gjin grutte útjeften dien wurde sûnder oerlis mei it ministearje.

Neffens de minister is it noch hieltyd min mei de finansjele posysje fan de Fryske plysje. Korpssjef Ferd Crone fynt dat de problemen oplost wurde kinne as Den Haach mear jild jout.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)