Plysje troch auto meisleept

01 jun 2011 - 10:37

Op It Hearrenfean is tiisdei in 19-jierrige jonge oanhâlden foar swiere mishanneling fan in plysje. De plysje seach de jonge op de Korenbeurswei riden en wist dat er gjin rydbewiis hie. Doe't de plysje de auto yn beslach nimme woe, starte de jonge de motor.

De plysje soe de kaaien út it kontakt helje, mar doe ried de jonge fuort. De plysje hong heal yn de auto en waard meters meisleept. Uteinlik foel er op 'e dyk, en de fertochte naaide út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)