Plysje trappearret Ljouwerter drankrider foar de fjirde kear

01 des 2015 - 09:35
  • Miksdrank

De plysje trappearre moandeitejûn in 27-jierrige Ljouwerter foar de fjirde kear op rige op it riden mei drank op. De man hat boppedat gjin rydbewiis. De plysje sette de automobilist op de Valkstrjitte oan de kant. Hy moast mei nei it plysjeburo foar in blaasproef.

Om't it de fjirde kear wie, is syn auto yn beslach naam. Foar it riden sûnder rydbewiis en it riden ûnder ynfloed krige de man twa bekeurings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)