Plysje trappearret hurdriders op de A7 by It Hearrenfean

31 jul 2015 - 08:13

Trije automobilisten binne tongersdeitemiddei harren rydbewizen kwytrekke by in laserkontrôle op de A7 by It Hearrenfean. De oertreders waarden trappearre op it Klaverblêd, dêr't oerdei in maksimumsnelheid fan 100 kilometer yn de oere jildt.

De automobilsten rieden dêr lykwols tusken de 155 en de 161 kilometer yn de oere. It gong om in 45-jierrige man út Easterwâlde, in man (51) út Grins en in 48-jierrige ynwenner fan de gemeente Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)