Plysje trappearret drankrider

17 mrt 2010 - 09:54

De plysje hat tiisdeitenacht in man fan 30 út De Rottefalle oanhâlden, omdat er mei drank op achter it stjoer siet. Plysjes seagen de man út in kroech yn Drachten kommen en yn syn auto stappen. Se hâlden him oan en doe die bliken dat er tefolle dronken hie.

Op it buro waard dat nochris ekstra dúdlik út in blaastest. Dêr die ek bliken dat de man gjin jildich rydbewiis hie. Hij krige in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)