Plysje trappearret dieven

27 des 2010 - 10:18

De plysje hat it Krystwykein trije kear in dief trappearre. In man (31) út Aldehaske woe by in bedriuw op It Hearrenfean ynbrekke. Hy hie it stek iepenknipt. Hy woe oer it iis útnaaie, mar dat slagge net. Hy wie mei in stellen frachtwein.

In Hollumer (36) waard sjoen doe't er yn in fakânsjehúske yn Hollum ynbruts. Hy is oppakt. Ek yn Harns koe de plysje in dief betraapje. In Ljouwerter (39) wie in skoalle oan de Hofstraat ynslûpt. Hy moast nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)