Plysje trappearret Assenaar by bromfytskontrôle Ljouwert

27 nov 2015 - 08:34

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitejûn by in grutte bromfytskontrôle yn it sintrum in 37-jierrige man út Assen oanhâlden. Hy ried sûnder ljocht en kenteken oer de Vlietsterbrêge. De bestjoerder naaide út, mar de plysje hat him op de M.H. Trompstrjitte klemriden. De man gie in hûs binnen en is dêr oppakt.

De Assenaar hie twa flintermessen by him, hie gjin brommerrydbewiis en moast noch sân dagen de sel yn. De brommer en de messen binne yn beslach naam. De man moast fuortendaliks de sel yn.

By de kontrôle binne yn totaal 40 bromfytsers kontrolearre en 25 boeten útdield. Trije brommers moatte op 'e nij keurd wurde om't se te hurd giene of te folle leven makken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)