Plysje trapearret koperdieven

16 aug 2010 - 11:07

De plysje op De Jouwer hat sneintenacht twa manlju oanholden op fertinking fan stellerij fan ûnder oare koper út in gebou oan de Produksjewei. De twa fertochten, in Gordykster (17) en in man (30) mei ûnbekend wenplak, waarden nei in melding opwachte troch de plysje.

Dy hawwe de auto fan de manlju efkes folge en binne doe oergien ta oanhâlding. Op de achterbank stiene rollen koper, twa akku's en it nedige ark.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)