Plysje trapearret koperdieven

30 maaie 2010 - 15:16

De Ljouwerter plysje hat sneontemoarn twa Ljouwerters (35 en 36 jier) op 'e die betrape by it rôvjen fan koper út it âlde Philipsgebou. Surveillearjende aginten seagen de manlju op 'e fyts út it gebou kommen mei grutte bosken elektrisiteitskabel oan it stjoer. Ek hiene se tassen grôtfol kabel by har.

Omdat der geregeld stellen wurdt op it Philipsterrein hat de plysje de manlju oanhâlden. De manlju hawwe bekend dat de kabels út it Philipsgebou kamen. Se binne meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)