Plysje trapearret drankrydster

12 nov 2010 - 10:42

Meiwurkers fan in ambulânse ha tongersdei in automobiliste (59) út Drachten oan 'e kant set omdat se slingere en hast oare auto's rekke.

Tsjin de plysje sei de frou dat se lêst fan 'e wyn hie en dêrom sa slingere. Under plysjebegelieding is de frou nei hûs riden. Omdat se noch hieltyd frjemd ried, moast se blaze. It die bliken dat de frou tefolle dronken hie. De frou krige in rydferbod en proses-ferbaal. Ek moast se har rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)