Plysje trapearret diseldieven

04 des 2014 - 10:16

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei fjouwer fertochten fan diselstellerij oanhâlden yn in wenning oan de Boomgaardstrjitte. In tsjûge skille de plysje dat de fjouwer mei jerrycans mei disel oan it slepen wiene. By it hûs stie in auto dy't nei disel stonk.

De plysje fûn fjouwer grutte fetten en jerrycans mei disel. Yn it hûs binne trije manlju fan 24, 26 en 38 jier en in famke fan 18 jier oanhâlden. De saak wurdt fierder ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)