Plysje trapearret dief op krekt stellen fyts

26 jan 2015 - 12:44
  • Plysje

De plysje yn It Hearrenfean hat yn de nacht fan snein op moandei in fytsedief (25) oanhâlden. De plysje trapearre de man yn de Commandeurstrjitte. Hy ried op de fyts dy't hy krekt dêrfoar stellen hie. De man hie in betonskjirre, in flesse GHB en speed by him.

De man hat al in bekentenis ôflein. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)