Plysje tefreden oer Snitswike

12 aug 2011 - 11:55
  • Plysjehelm mei in kamera derop (foto: Omrop Fryslân)

De Snitswike is dit jier rêstich ferrûn. Dat seit de Plysje Fryslân. Der binne de ôfrûne dagen 44 minsken oanhâlden en goed hûndert bekeurings útdield. Dat is in stik minder as ferline jier.

Nei alle gedachten hat it rêstigere ferrin te krijen mei in oare oanpak fan de plysje. Sa wiene der foar it earst ferskate plysjes mei kamera's op de helms. Dêrtroch gedrage besikers harren better. Dit jier wie der ek in buertagint op it wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)