Plysje taret op DNA-ûndersyk

26 sep 2012 - 17:29

Goed 8.000 manlju út de omkriten fan Feankleaster, dêr't Marianne Vaatstra yn 1999 fermoarde waard, wurde frege om DNA ôf te stean. Fia it DNA fan famyljeleden besiket de plysje de dieder te finen. It giet om it grutste DNA-ûndersyk yn de skiednis. Omrop Fryslân makket in rige fan trije reportaazjes oer it ûndersyk. Sneon begjint it ôfnimmen fan DNA yn sân sporthallen en dorpshuzen yn tolve doarpen om Feankleaster hinne. Foar sneon binne 2.400 fan de 8.000 manlju útnoege. De rest wurdt yn de twa wiken dêrnei ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)