Plysje snipt twa rallyfiskers

23 nov 2009 - 09:19

De plysje hat sneintemoarn by Goaiïngaryp twa manlju út Grinslân oanholden foar it saneamde rallyfiskjen. Dit is in foarm fan fiskjen wêrby't de fisk libjend yn in plastik pûde smiten wurdt. De beide mannen waarden betrape by it fiskjen yn de Goaiïngarypster Puollen. Ien fan de manlju hie gjin legitimaasje by him en koe gjin fiskpas sjen litte.

De oare man hie wol in fiskpas, mar dy wie net mear jildich. Tsjin beide mannen is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)