Plysje snipt 'drugsrider'

08 maaie 2013 - 10:34
  • GHB

De plysje hat tiisdeitejûn it rydbewiis fan in Ljouwerter (26) ynnommen, omdat hy ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer siet. In taksysjauffeur melde dat de man gefaarlik oan it riden wie, earder op 'e jûn wie der ek al sa'n melding kommen. Op de Pieter Stuyvesantwei seach de plysje dat dêr in iensidich ûngelok west hie. Dúdlik waard dat it om deselde man gie, dy't tsjin in beam riden wie.

De sjauffeur koe him neat fan it ûngelok herinnerje. Hy moast blaze, mar hie gjin alkohol dronken. In bloedproef wiisde út dat de man drugs hân hie.

Yn syn klean waard in buiske fûn, dêr't nei alle gedachten GHB yn sitten hie. De man krige in bekeuring. Syn rydbewiis waard ynnommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)