Plysje skriuwt bonnen by Bonke

11 feb 2012 - 14:16

Reedriders wurde massaal op de bon slingere yn Fryslân. In protte minsken dy't in part fan de Alvestêderûte ride parkeare har auto oan de râne fan 'e dyk by bygelyks de Bonkefeart. En dat mei net. De plysje is sneon massaal bonnen oan it skriuwen by Ljouwert en by Earnewâld. Dêr steane inkele tsientallen auto's parkeard.

In boete foar fout parkearen kostet yn trochsneed tusken de 70 en de 100 euro. De plysje treedt neffens wurdfierder De Vries benammen op tsjin 'asosjaal parkeargedrach'.

Guon auto's steane sa parkeard dat de helptsjinsten der net mear lâns kinne. De dyk frijmeitsje foar de helptsjinsten is belangryk, omdat de helptsjinsten it tige drok hawwe. Net alle reedriders parkeare asosjaal. By de Boksumerdaam, flakbij de start fan de Alvestêdetocht, binne gjin parkearproblemen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)