Plysje skopt en beflibe

11 mrt 2012 - 14:29
  • De Wetterpoarte yn Snits

Yn Snits is sneontenacht in 27-jierrige man út Emmeloord oanhâlden foar bedriging en mislediging. Hy soe yn of by in hoarekagelegenheid oan de Dimpte Pol in 22-jierrige frou út Snits bedrige hawwe.

Plysjes seagen de bedriging tafallich en se woene de man oppakke. Mar de fertochte waard lilk en skopte nei de plysjes. Hy waard dêrop yn de boeien slein en flibe doe nei de plysjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)