Plysje sjit twa hûnen dea

29 jul 2004 - 11:35

De plysje hat tiisdei yn Koatstertille twa hûnen deasketten. Neffens de plysje wiene de Rottweilers in gefaar foar de minsken dy't op it yndustryterrein oan de Westkern wurken.

De hûnen wiene losbrutsen fan har hiem. Twa bisten waarden deasketten, in tredde hûn waard fongen en nei it biste-asyl brocht. Eigner Huizinga is poerrazen op de plysje. Hy sil besjen oft er stappen ûndernimme kin tsjin de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)