Plysje sjit op man

19 jan 2010 - 14:17
  • Plysjes by de Van Kleffensskoalle

De plysje hat tiisdei by de Van Kleffensskoalle oan de Barten op It Hearrenfean trije kear op in man sketten. De skieden man út Sweagerbosk hat twa bern op dy skoalle. Hy stie op it plein mei in mes te swaaien.

Moarns hie er syn eigen hûs yn Sweagerbosk yn 'e brân stutsen. Dêrnei is er nei It Fean riden om syn eks-frou op te sykjen. De plysje wie op 'e hichte fan de relaasjeproblemen. De man waard op it kantoar fan syn eks-frou hiel agressyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)