Plysje sjit bolle dea

05 jul 2013 - 14:53
  • De plysje jage op de bolle yn Surhústerfean

In losbrutsen bolle is freedtemoarn deasketten troch de plysje. Dat barde oan de Mûnewei yn Surhústerfean. De bolle wie ûntsnapt by in slachter.

Omdat de bolle neffens de plysje in gefaar wie foar de omjouwing is er ôfmakke en sa dochs noch by de slachter telâne kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)