Plysje sil probleemjeugd folgje

04 okt 2001 - 00:00

De plysje Fryslân sil tenei probleemjongerein folgje. It giet om jongerein dy't al ris wat strafbers dien ha, in soad skoallesiik binne of út probleemhúshâldings komme. Ut ûndersyk hat bliken dien dat dizze groep makliker ôfglidet nei de swierdere kriminaliteit.

De buertplysje sil gegevens oer it gedrach fan de jongerein sammelje en yn it nije kompjûtersysteem Riskid sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)