Plysje siket ûntsnapte TBS'er

16 nov 2007 - 12:24
  • De ûntsnapte TBS'er dy't troch de plysje socht wurdt
  • de man naaide út op dizze mountainbike

Ek de plysje Fryslân is belutsen by de syktocht nei de ûntsnapte 43-jierrige TBS'er Arnoldus Cornelissen. De man is op 1 novimber yn Nijmegen útnaaid en is sûnt dy tiid poater.

Omdat de man as net ûngefaarlik jildt hat justysje in beleanning fan 20.000 euro tasein foar ynformaasje dy't liedt ta de oanhâlding fan de man. It giet om in blanke man fan 1 meter 86 mei donkerblond hier. Hy is útnaaid op in mountainbike fan it merk Giant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)