Plysje siket tsjûgen ynbraak

12 feb 2009 - 10:31

De plysje docht ûndersyk nei in ynbraak tiisdeitenacht yn in amusementshal oan de Gedempte Molenwijk op It Hearrenfean.

De dieven kamen deryn fia it dak en brutsen doe de klûs iepen. Dat moat neffens de plysje frij lang duorre hawwe. Dêrom wol de plysje witte of minsken wat sjoen of heard hawwe. Dy tsjûgen kinne har by de plysje melde, dat mei ek anonym.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)