Plysje siket tsjûgen stekpartij

08 nov 2003 - 00:00

De plysje siket tsjûgen fan in stekpartij fan ôfrûne woansdei yn park Nijlân yn Ljouwert. In 19-jierrige jogger fan Sri Lankese komôf waard earst fan achteren op 'e holle slein. Twa jongens fan 18/19 jier seinen tsjin him dat hy net wer yn 'harren' park komme mocht. Oanslutend stuts in jonge mei in reade pet him yn syn skonk.

De plysje ropt mooglike tsjûgen op om de plysje te beljen op 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)