Plysje siket tsjûgen oerfal

08 maaie 2009 - 12:40

De plysje Fryslân is drok op syk nei tsjûgen nei oanlieding fan de oerfal fan tongersdei op de drogist yn de Van Harenstrjitte yn Wolvegea. Foaral ek omdat de oerfaller in opfallende ferskining is troch syn opfallende kapsel.

De oerfaller easke jild en bedrige in meiwurkster fan 'e winkel mei in fjoerwapen. De oerfaller hat in behoarlik jildbedrach meinommen út de klûs. Doe't de meiwurkster it jild jûn hie, waard se opsletten yn 'e winkel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)