Plysje siket tsjûgen oanriding

19 feb 2004 - 00:00

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding by de ôfrit Frjentsjer fan de A31. Om midsnacht hinne trof de plysje in rikjende auto mei in soad skea oan op it carpoolplak.

In 23-jierrige Frjentsjerter stie by de auto. De man sei dat er eigner fan de auto wie, mar dat in oar de auto bestjoerd hie en útnaaid wie nei de oanriding. Tsjûgen kinne belje mei de plysje Fryslân op telefoannûmer 0900 - 8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)