Plysje siket tsjûgen nei swiere fal frou oer túnpealtsje

01 mrt 2016 - 17:28

De plysje yn Frjentsjer siket minsken dy't mear witte fan in rûn túnpealtsje dêr't ôfrûne snein in frou oer stroffele is. It pealtsje lei oerdwers yn in tsjustere steech en dêrtroch hie de frou it net sjoen. Troch de fal rekke har tomme út it lid en kniesde se har ribben.

It pealtsje hearde dêr dúdlik net te lizzen, seit de plysje. In wurdfierder hopet dat der minsken binne dy't sjoen ha dat der ien mei sa'n pealtsje omtôge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)