Plysje siket tsjûgen fan ynbraken op carpoolplak by Akkrum

27 jun 2015 - 11:40
  • Auto-ynbraak

De plysje siket minsken dy't mear fertelle kinne oer ynbraken yn auto's op it carpoolplak oan de Alde Rykswei by Akkrum. De ôfrûne wike waarden dêr twa auto's iepenbrutsen. Dêrby waarden ûnder oare klean en in navigaasjesysteem stellen.

Minsken dy't wat fertochts by it carpoolplak sjoen hawwe, wurdt frege om dat by de plysje te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)