Plysje siket tsjûgen fan ynbraak Wibrandastate yn Ljouwert

16 des 2015 - 07:41

Trije ynbrekkers binne tiisdeitejûn betrape by in ynbraak yn in hûs oan de Wibrandastate yn Ljouwert. Nei de ynbraak binne se útnaaid. De plysje hat fuortendaliks in boargernetaksje opstarten en sa is ien persoan oanhâlden, mar út ûndersyk die bliken dat dy neat mei de ynbraak te krijen hie.

De trije ynbrekkers binne manlju fan tusken de 20 en 25 jier. Se binne slank en hiene donkere klean oan. De plysje siket tsjûgen fan de ynbraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)