Plysje siket tsjûgen fan oerfal Beetstersweach

20 aug 2015 - 16:29
  • De BMW dy't brûkt is by de oerfal yn Beetstersweach
  • De BMW dy't brûkt is by de oerfal yn Beetstersweach

De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk nei de oerfal op in supermerk woansdeitemoarn yn Beetstersweach. Der binne yntusken trije fertochten oanhâlden. Harren huzen binne trochsocht en der is guod yn beslach naam. Oft dêr ek in wapen bysiet, wol de plysje net sizze.

De plysje siket minsken dy't wat sjoen hawwe fan de oerfal, mar ek fan oare ynsidinten dêr't de fertochten by belutsen west hawwe soene. Dan giet it om de stellerij fan in auto, dy't by de oerfal brûkt is. Dy grize BMW waard tiisdeitejûn stellen op de Archipelwei yn Ljouwert.

De auto waard woansdei fûn oan de Kei yn Ljouwert. En yn de boskjes oan it Kealledykje waard guod út de auto fûn.

De plysje freget minsken dy't op dy lokaasjes yn Ljouwert wat sjoen hawwe of der wat fan witte oft se har melde wolle. Ek tsjûgen dy't de auto en de minsken dy't der yn sieten sjoen hawwe, wurde oproppen kontakt op te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)